Hea! fan 23 jannewaris 2020 17:20

Sa'n tritich jier ferlyn is it begûn foar Herre Monsma fan Boalsert. Hy fûn in platriden kikkert. Herre hat him meinommen, besjoen en rekke fassinearre. Hy fûn it moai hoe't it bist opdrûge wie. Geandewei hat hy sels kadavers socht, drûgje litten en der keunst fan makke. Herre: "salang it in kadaver it, is it akelich en goar, mar as je it ynelkoar sette komt it wer wat ta libben". Herre jout de dea wer in siel.

En we sizze Goeie! yn Drylts.

Kadaverkeunst

Herre Monsma makket keunst fan deade bisten.

Goeie! yn Drylts

Oer de dyk om te fiskjen. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)