Hea! fan 23 jannewaris 2019 17:35

In soad minsken hâlde fan spesjaalbier. Jan Nota fan Penjum is der ek sljocht fan. Dochs wist hy sels hast neat fan dat gouden drankje. Dêrom dûkte er de boeken yn en no mei hy him ynternasjonaal biersommelier neame. As de 'BierTroubadour' draacht er syn kennis fan spesjaalbier oer op de minsken. Mar it bêste kinne je it fansels gewoan sels priuwe.

Stilsitte is neat foar Jilling Bloem fan Teridzert. Dus op syn frije moarn giet hy moai efkes in flink blok om. Hy is hjoed de iennichste op it iis. "Lekker sportyf, sa moat it." Foar syn wurk as personal trainer bellet hy de minsken wolris út bêd. "Dan freegje ik wêr't se bliuwe," laket er.

BierTroubadour sjongt fan gouden drankje

Spesjaalbier fynt er hearlik, mar Jan Nota wist der fierder neat oer. No is er ynternasjonaal biersommelier en hy sjongt der sels oer.

Jilling Bloem bynt de redens ûnder

Noch efkes in oerke sportyf op de redens, foar't dizze sportiveling út Teridzert wer oan it wurk moat..yn de sportskoalle.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)