Hea! fan 23 jannewaris 2017 17:35

    As it wer kin dan binne se der by! “In Fries ûnteit op it iis”, seit Jentsje Leistra. Hy genietet fan alles wat der op it iis bart en fynt de sfear geweldich. Al 30 jier stiet hy mei syn Koek-en-Sopie-tinte op de Ryptsjerksterpolder mei syn frou en soan en se krije der noait harren nocht fan.

    Fan it ien kaam it oar by Petie Dijkstra. Hy begûn mei rinnen as útdaging om de alvestêdetocht te heljen. Yntusken is hy in wiere kilometerfretter en syn rekôr stiet op mear as 6000 kilometer yn 2016. “Jo moatte wat gek yn 'e kop wêze, mar je komme sa’n soad tsjin en je meitsje fan alles mei...”

    KOEK en ZOPIE

    Al 30 jier stiet de famylje Leistra mei harren Koek-en-Zopie-tinte op de Ryptsjerksterpolder...

    Kilometerfretter

    It is begûn mei in lytse útdaging, mar yntusken rint it folslein út de hân.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)