HEA! fan 23 febrewaris 2021 17:15

"Away" en Lie Down"! Dizze Ingelske kommando's hearre de bordercollies Jeanie, Jessie, Nap en Jake geregeld. As hobby dogge harren baaskes Fokke en Marijke van der Bij oan skieppedriuwen. Se hawwe spesjaal Drintse skiep kocht sadat de hûnen se opdriuwe kinne. Op oanwizingen fan Fokke en Marijke wurde de skiep troch de hunen kreas by inoar brocht binnen de stekken.

Esther Liezenga en Anton Poulussen hawwe in soad steun oan inoar. Want it libben is net altyd maklik ast psychyske problemen hast. En minsken hawwe in soad foaroardielen. Se sitte yn in klinyk yn Frjentsjer en meitsje geregeld tegearre in kuierke.

Skieppedriuwen

Fokke en Marijke van der Bij fan De Harkema ha fjouwer bordercollies.

In kuierke troch Frjentsjer

Esther en Anton meitsje geregeld tegearre in kuierke

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)