HEA! fan 23 desimber 2021 17:20

1500 lapkes binne der foar haakt: de fjouwer meter hege lapke-krystbeam fan Bûtenpost. De froulju fan de hânwurkklups fan de beide tsjerken ha der hiel wat oerkes mei dwaande west. En sa soargje al dy lapkes symboalysk foar ferbining. Mar no moat de beam ferfierd wurde en te plak set wurde yn it sintrum fan it doarp. In spannend putsje...

It Krystdoarp fan de Ljouwerter wyk De Wielenpolle lûkt ek dit jier wer tûzenen besikers. Ien fan harren is Riemie de Boer út Feanwâlden. Riemie is wylst se troch de wyk ride drok oan it filmjen foar Tiktok. Op dat kanaal dielt se har avontueren mei har folgers. Dy neame har dan ek de TikTok-oma. 

Haakte krystbeam

Yn Bûtenpost ha se in krystbeam dy't hielendal makke is fan haakte fjouwerkantsjes. 

TikTok-oma

'Tiktok-oma' Riemie de Boer út Feanwâlden filmet it krystdoarp fan De Wielenpôlle yn Ljouwert. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)