Hea! fan 23 april 2019 17:35

It is tradysje op Goed Freed. Dan is der in fêste ploech frijwilligers dwaande om de 15.000 stempelkaarten foar de Fryske fyts alvestêdetocht yn te pakken en te ferstjoeren. Jong en âld, freonen en famylje helpe alle jierren wer mei dizze grutte klus. It is routine, de kop derby mar ek gesellich en in leuk putsje.

Lieuwe Bergstra is 45 jier troud mei Mieke en tegearre joue se ek al sa lang les bij turnferiening Stânfries yn Drylts. Doe't Mieke Lieuwe kennen learde wie der mar ien opsje. Of meigean yn de gymnastyk of gillend fuortrinne, want Lieuwe syn famylje sit mei kop en earen yn it turnjen. 

15.000 kaarten op de bus

Yn Boalsert wurde de kaarten foar de fytsalvestêdetocht ynpakt en ferstjoerd.

Gymnastyk echtpear Bergstra

Al 45 jier troud en alle dagen ha se it oer de gymnastyk.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)