Hea! fan 23 april 2018 17:35

Al jierren wurdt der yn Akkrum by de iepening fan it wettersportseizoen in wedstriid klompkesilen hâlden. Bern geane mei in selsmakke sylklomp de striid mei-elkoar oan. Hokker klomp is as earste oan de oare kant? Uteinlik is it foaral de wyn dy't dat bepaalt. 

As puber wie Michel Gaastra al gek fan VW-kevers en stadichoan begûn hy se te sammeljen. Oant der safolle auto's foar de doar stiene dat syn heit en mem fregen as hy der ek wat mei dwaan koe. En no is it Michel syn wurk. Yn syn garaazje Wagenfolks yn Drachten meitsje se fan de meast rustige âlde VW's wer glânzjende oldtimers. 

Klompkesilen

De bern fan Akkrum stride om it kampioenskip klompkesilen. 

VW-gek

Michel Gaastra fan Drachten makket fan de âldste VW's wer soepel rinnende karkes. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)