Hea! fan 22 septimber 2014 18:20

De langste lape fan de wrâld! Dat wie it doel fan de ynwenners fan Boalsert. De lape waard sneon úteinlik in heale kilometer lang. In heechwurker befêstige de lange lape oan it stedhûs. Mar is dy lingte genôch foar in fermelding yn it Guinness Book of Records?

En Dinie Smid en Jan Hartkamp fan Frjentsjer ha as doel 40.000 kilometer, mar dan op de fyts. Dini hat in eachsykte en is al 22 jier blyn. Hast eltse dei stapt se mei Jan op de tandem.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)