Hea! fan 22 oktober 2020 17:15

Der binne net safolle froulju hiel aktyf yn de dowesport, en al hast hielendal gjin jonge fammen. Mar de 24-jierrige Martine Koopmans fan Bûtenpost draait goed mei by har postdoweferiening Op Eigen Wjukken. Har dowen waarden kampioen yn de Mid Fond (dat binne flechten oant sa'n 400 kilometer) en sechde yn de hiele kompetysje fan dit jier. Martine rekke oan de dowen troch har freon Booi van der Veen.

Youri Poutsma (21) fan Hantum is hielendal wei fan alles dat mei Fryslân en mei kij te krijen hat. Syn sliepkeamer liket wol hast in museum mei allegearre Frysk guod. Youri hat autisme en wennet thús. Mar trije dagen yn'e wike helpt hy op in buorkerij. En dêr, tusken de kij op stâl, genietet hy ek folop. Youri docht dêr allerhanne taken dy't hy oan kin. Foaral de fokkerij fynt hy geweldich. 

De dowen fan Martine

De 24-jierrige Martine Koopmans fan Bûtenpost docht it goed mei har wedstriiddowen. 

Youri is fan fan Fryslân

Youri Poutsma fan Hantum sparret alles dat mei Fryslân te krijen hat. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)