Hea! fan 22 oktober 2019 17:20

Yn Warns wurde se al jierrenlang rêstich fan Qigong. Under lieding fan learares Ellen van der Hall docht in groep froulju oan dizze Sineeske bewegingslear dy't goed is foar de geastlike en lichaamlike sûnens. En dêr kalmearje selfs de drokste types fan. 

Doe't Jan van der Veen ophâld mei buorkjen en in nij hûs bouwe liet neist de pleats, wie it de fraach ûnder hokker doarp dat foel. Mar dêr hat Jan mei eigen hannen wat oan dien troch ien buordsje te ferpleatsen. Sadwaande wennet hy noch altyd yn Lippenhuzen en net yn De Himrik. 

Qigong yn Warns

Sineesk bewege foar de rêst yn Warns.

Goeie yn Lippenhuzen

Jan van der Veen hat Lippenhuzen in pear meter grutter makke. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)