Hea! fan 22 oktober 2018 17:35

Noch mar 14 jier âld en dan je eigen hûs al bouwe. Erwin de Vries fan Koarnjum docht it gewoan. Syn húske is miskyn net hiel grut, mar alles sit der yn: in keukentsje, in wenkeamer en in sliepkeamerke. En stroom en wetter! Erwin en syn freonen ha no in hearlik chillplak. 

In kompleet Frânsk doarp op skaal, mei in tsjerke, in kastiel, húzen, diken, minsken. Tseard Feddema fan De Tynje boude der 5 jier oer. Yntusken betinkt hy ek allegearre ferhaaltsjes dy't de personaazjes yn syn doarp meimeitsje. 

Húskebouer

Erwin de Vries (14) fan Koarnjum bout syn eigen hûs. 

Frânsk doarp

In folsein op skaal neiboud Frânsk doarp yn De Tynje. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)