Hea! fan 22 oktober 2013

Yn It Heidenskip binne Yde Bouma en Willem Visser drok oan it reidbinen. As it min waar is wurkje se yn in loads yn Ychtenbrêge. Mar by droech waar hawwe se in prachtich plak oan de Fluezen om it reid te binen. Willem Visser syn famylje sit al generaasjes yn it reid en ek Yde is der gek mei. Der lizze noch bulten... dus hawwe de manlju noch wol wat te dwaan.

Johannes van der Meer rydt al hast 40 jier mei syn SRV-wein troch Damwâld en Driezum/Wâlterswâld. Nei al dy jierren sil hy no noch wat oars dwaan. Syn klanten sille him tige misse, want it wie noch in échte âlderwetske molkboer..

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)