Hea! fan 22 novimber 2018 17:35

De measten binne al oer de santich, mar alle woansdeis volleybalje se noch mei in soad wille. De mannen fan De Slingerapen út Kollum dogge net oan warming-up, in bestjoer of fêste kontribúsje. Gewoan by elkoar komme, lekker spylje en nei ôfrin de wrâldproblematyk even beprate. En dat al mear as 40 jier. 

Alie Winters fan De Lemmer kin alles wol op glês sette. Har glêsgravearjen begûn as hobby om de tiid te ferdriuwen. Mar no gravearret se yn opdracht fan alles: fan drinkglêzen oant spegels en sels krystballen. 

Glêskeunst

Alie Winters fan De Lemmer kin fan alles op glês graveare. 

Slingerapen

De volleybaljende santigers fan Kollum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)