Hea! fan 22 maart 2017 17:35

    In gesellige drokte yn de grutte studio fan Omrop Fryslân. Fjirtich sjongers en sjongeressen komme nei Ljouwert om it nije Hea!-liet yn te sjongen. Ut folle boarst wurdt it ferske meisongen, want der is yn 't foar al aardich repeteard. Ek om de tekst der goed yn te krijen, want wat is no eins in 'teapert'?
    De Willem Alexander ferfolget syn reis oer de Iselmar, mei oan board gasten dy't wol in fakânsje fertsjinne ha. Lykas Jan en Grietje Akkerman dy't al yn jierren net mear op fakânsje west ha. Se genietsje fan de reis, ek al seagen se der earst wol wat tsjinoan.

    Ynsjongdei Hea!-liet

    De ynsjongdei fan it nije Hea!-liet yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert.

    Fakânsje mei de Willem-Alexander, diel 2

    De famylje Akkerman genietet fan har fakânsjereis mei de Willem-Alexander oer de Iselmar.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)