Hea! fan 22 maart 2016 18:20

Net allinnich kastjes mar ek lykkisten meitsje op bestelling, dat docht timmerman Feije van der Bij fan De Tike. Sân jier ferlyn hie hy dit net tinke kinnen. Doe foel hy fan it dak en rûn in dwersleasie op. Nei in lange revalidaasje en enoarme wilskrêft kin hy wer rinne op oanpaste skuon. En dus ek wer klusse!!

Op it stoart fan Stiens trof Hea! Jan en Tineke Bloemsma oan. Se sille ferhúzje, want der moat mear romte komme foar de hobby fan Jan.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)