Hea! fan 22 maaie 2020 17:20

Dit jier gjin noflike reis mei it camperbuske nei Portugal of Noarwegen. Dirkjan Lindeijer en syn frou út West (Drinte) genietsje dizze dei fan it sintsje en de rêst by de seedyk by Holwert. En noch in moaie reportaazje fan de Hea!souder It wurdt simmer!! Dan ha we wer sinnebrânoalje en aftersun nedich! Dat kinne we fansels yn 'e winkel keapje, mar je kinne it ek sels meitsje. Krûdefakfrou Tjitske Postma fan Noardburgum jout in workshop (dizze reportaazje waard earder útstjoerd op 18 juny 2015). 

Genietsje fan it Waad

As it efkes skikt pakt Lindeijer syn sketsblok derby om moaie natuertekeningen te meitsjen fan de omjouwing dêr't se binne.

Sels sinnebrân meitsje

Ferfrissende spray, dy't ek nochris hearlik ferkuollet at je lêst hawwe fan 'opvliegers' of oare waarmtesensaasjes. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)