Hea! fan 22 maaie 2019 17:35

William Lord (72 jier) is in Liwwadder yn ieren en sinen. Hy hat in enoarme samling mei fan alles dat mei syn stêd te krijen hat. Sa hat hy bygelyks mear as 1600 boeken oer Ljouwert. Mar no't hy âlder wurdt, Lord is 72 jier, hat hy besletten der marris wat regaad yn te meitsjen. Dêrom hat hy in winkeltsje mei syn guod iepene. HEA! mei graach sneupe en socht Lord yn winkeltsje op, ek om út te finen hoe't sa'n echte Ljouwerter oan syn Ingelske namme komt.

Al strunend troch de provinsje treft HEA! yn Aldwâld Sjoerd Fennema. Hy is dwaande mei it skjinmeitsjen fan de auto. Yn de garaazje stiet syn grutte leafde: in motor. Fennema kin him in libben sûnder motor net foarstelle. Mei syn 71 jier riidt hy noch hiel wat rûntsjes. Gelokkich begrypt syn frou Hannie dizze passy, al stapt se net mear efterop.

Liwwadder William Lord

Sljocht op syn stêd Ljouwert.

"Wiis mei myn motor"

Sjoerd Fennema kin him in libben sûnder motor net foarstelle. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)