Hea! fan 22 juny 2016 18:20

By Oane van der Veen fan Marrum sit de hannel yn syn bloed. Oane hannelet yn âld izer en hy hat syn hiem grôtfol guod foar de ferkeap. Under oaren karren, trekkers, in keunstmeststruier en in âlde molkkarre. By Oane kinne je te kust en te keur.

En Hea! seach rûn op it stoart fan Damwâld. Dêr is it sneons altyd smoardrok. Ek no stiet der wer in lange rige auto’s. Dêrtusken stiet ek Hendrik de Jong. Hy is der moarns altyd betiid by.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)