Hea! fan 22 febrewaris 2018 17:35

    Yn Hea! by nacht it wurk fan ferpleechkundige Tjitske Kuipers. Sy wurket nachts op ôfdieling 4A fan sikehûs Tjongerschans op it Hearrenfean. Tjitske fynt it wurk yn de nacht wol wat rêstiger as oerdeis. Der is minder drokte op de gongen en der geane gjin dokters by de pasjinten lâns. Mar ek nachts binne der noch genôch pasjinten dy't omtinken nedich ha.
    It spuitbussefabryk MotipDupli yn Wolvegea draait dei en nacht troch. En dus rinne der alle nachten wol tweintich man oer de fabryksflier. Foar de measten is de nachttsjinst gjin beswier: je kinne oerdeis noch wat dwaan en it fertsjinnet ek better.

    Nachtsuster

    Nachtferpleechkundige Tjitske Kuipers yn sikehûs De Tjongerschans op it Hearrenfean. 

    Spuitbussefabryk

    De hurde wurkers fan it spuitbussefabryk yn Wolvegea. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)