"It giet allegear wer werom nei de souder en dat is skande", sa seit Willem van der Zee. Hy is sûnt de jierren '90 grepen troch it Skoutingfirus en sammelet alles wat der mei te krijen hat. Op dit stuit is in grut part fan de skiednis fan de skouting te sjen by it kluphûs fan Schout bij Nacht yn Ljouwert. Willem soe graach in echt museum iepenje, mar hy hat der sels gjin romte mear foar en is op syk.
www.scoutingmuseumfryslan.frl
Se hie der skjin har nocht fan! Gjin liedingjaande funskje mear foar Marja Koster en se hat de stap weage. Se woe graach kreatyf oan de slach en alles falt te plak no't se it lytste blommewinkeltsje fan Fryslân hat.