Hea! fan 22 desimber 2016 17:20

Fiifensechstich allinnichsteande âlderen wurde troch de Lions fan it Hearrenfean útnoege foar in Krystmiel. De organisaasje dy't him ynset foar goeie doelen fynt dat dizze minsken dat wol fertsjinje. Yn restaurant Het Ambacht wurde de âlderen trakteard op in lúks diner, mei muzyk en bingo. Hielendal makke en útserveard troch de leden fan de Lions sels, ûnder lieding fan sjef-kok Henk Markus.
Al foar de njoggende kear wurdt mei de saneamde 'Skieppetocht' yn Boalsert it Krystferhaal útbylde. Foarôfgien troch in echte keppel skiep rint de stoet troch de stêd. Underweis komme alle figueren út it Krystferhaal, lykas de kastlein en de wizen út it Easten foarby. De kuier eindiget by de libbene kryststâl yn de Broeretsjerke.

Krystmiel foar âlderen

Allinnichsteande âlderen krije in Krystmiel oanbean troch de leden fan de Lions fan it Hearrenfean. Mei lekker iten en drinken, muzyk, bingo, en in Krystman!

Skieppetocht Boalsert

By de Skieppetocht yn Boalsert wurdt it Krystferhaal útbylde mei in kuier troch de stêd. Alle figueren út it bibelferhaal komme foarby, en de optocht wurdt foarôfgien troch in echte keppel skiep mei hoeders.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)