Hea! fan 22 april 2015 18:20

Theunis Kootstra is al ûngefear 15 jier flaggenist op de toer fan Wurdum. Dat is prachtich wurk. Der komt ek hiel wat by sjen. Mar no op 85-jierrige leeftiid wurdt it klimmen fan de treppen lestich. Hy fynt it dan ek wol moai west en set der in punt achter, al falt him dat wol swier.

Nei syn pensjoen restaureart Albert de Vries fan Wynjewâld grêfstienen. Op it tsjerkhôf, tusken de sjongende fûgels, is hy dwaande om mei fêste hân de letters op de grêfstiennen te skilderjen. Dat is dankber wurk: “sa kinne jo wat betsjutte foar de minsken”.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)