Hea! fan 22 april 2013

Germ Visbeek fan de Seedykstertoer yn Marrum is der siik fan. Syn trekker is fuort! Mei dizze trekker ferfiert hy groepen minsken oer it Noarderleech. Hy kin eins net sûnder en it seizoen komt der wer oan. Dêrom hawwe hy en syn frou oeral al hinne west om briefkes op te hingje yn de hoop dat der ien komt mei in gouden tip.

Hûn Boris fan de famylje Odinga yn Marsum kin sjonge. Mar allinnich as de pake en beppesizzers op besite binne...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)