Hea! fan 21 oktober 2020 17:15

Oantinkens oan foarby fleine tiden. Berend Overwijk út Bakkefean kin der oer meiprate. Syn hiele hok stiet fol mei guod fan froeger. Fan himsels, syn frou, mar ek fan ferstoarne famyljeleden. Je kinne sa stadichoan wol stelle dat Overwijk in museumútstalling fan syn famyljeskiednis yn syn garaazje hat. En Hea! seit Goeie yn Nijegea. De tsjerkeklok fan Nijegea is al hiel âld. De klok waard makke yn 1381, oerlibbe de Twadde Wrâldoarloch, mar kin no wol in bytsje opkalfatere wurde. 

Garaazjemuseum fan Berend

Wat docht it keunstgebit fan heit en in plôk hier fan oerpake Binne by Berend yn it museum?

Goeie! yn Nijegea

Jeen Terpstra fan Vellema Torenuurwerken hat krekt holpen om de klok nei ûnderen te krijen en hat de klok no op in oanhingwein set: klear foar transport.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)