Hea! fan 21 novimber 2019 17:20

Mei syn mear as 300 foljêrefûgels mei hy wol in echte fûgelgek neamd wurde. Wolter Stoelwinder fan Aldhoarne is der al fan jongs ôf oan mei dwaande, doe't hy fan pake twa fûgeltsjes krige. Yntusken hat Stoelwinder al ferskate Nederlânske kampioenen fokt. No giet hy mei 30 fûgels nei de jubileumútstalling fan foljêreferiening Fûgelwille fan Jobbegea. 

Peter Ball sit al 25 jier yn it bamboe. Eksoatyske gewaaksen fûn hy altyd al moai. By syn bamboekwekerij yn Aldeberkeap is ek in jungletún, dêr't klanten mar ek hysels trochhinne dwale kin.  

Fûgeltsjeman Stoelwinder

Wolter Stoelwinder fan Aldhoarne hat mear as 300 foljêrefûgels. 

De bamboekwekerij

De bamboekwekerij fan Peter Ball fan Aldeberkeap. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)