Hea! fan 21 maart 2019 17:35

Hij is it úthingboerd fan de klup en eins kinne se by V.V. Jistrum net sûnder him. Kantine behearder Johannes Lap regelet al mear as 30 jier alles yn it thúshonk fan de klup. De fuotbalkantine is dan ek echt syn domyn. 

Kobus Zwier wie dakdekker, mar nei in fal en in skoft derút west te hawwen, hat hy wurk fûn as konsjerzje op twa skoallen yn Ljouwert. Dat docht er sa goed, dat hy dit jier ferkeazen is ta konsjerzje fan it jier.  

Johannes Lap

Der is mar ien de baas yn de fuotbalkantine fan V.V. Jistrum

Konsjerzje fan it Jier

Kobus Zwier is de alderbêste konsjerzje fan 2019.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)