Hea! fan 21 maart 2018 17:35

    Hy is al tsien jier pensjonearre, mar dizze opdracht koe houtsnijer Bertus Stallman net lizze litte. De provinsje hat him frege de flaggestokken fan it steatejacht Friso nei te meitsjen. Foar de Hylper is it hiel bysûnder, omdat syn pake Eberhard Ebertus Stallman mear as hûndert jier lyn de orizjinele makke hat.

    It stiet no al grôtfol mei redens: it hok fan Kleis Oenema út Jobbegea. Yn de winter fan 1988 is er mei syn samling begûn neidat syn skoanmem nuver op it iis fallen wie. Se goaide har antike batavus-redens fuort: "Brân dy redens mar op!". Mar dat fûn Oenema skande. En no hat er mear as 450 redens yn it hok te lizzen.

    Houtsnijers Bertus en Titus Stallman

    Hûndert jier âlde flaggestokken neimeitsje.

    Redens

    Kleis Oenema sammelet al sûnt 1988 redens.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)