Hea! fan 21 maart 2017 17:35

Michèl Ruigrok is houtbewurker yn Nijebiltsyl. Yn syn atelier steane selsmakke houten tafels, fazen en skalen. Mar hy hat ien echte spesjaliteit: houten urnen.
Mei tachtich persoanen fart de soarchboat Prins Willem Alexander foar de 44e kear wer út. In wike lang farre bewenners fan soarchynstellings oer de Iselmar rjochting Amsterdam nei Alkmaar. De reis begjint op De Lemmer mei Froukje Folkertsma en dy kin it hiel goed fine mei meiwurker Renze Zijlstra.

Houtatelier

Yn it houtatelier fan Michèl Ruigrok yn Nijebiltsyl is fan alles te finen: boartersguod, skalen, mar ek houten urnen en... dildo's.

Soarchboat Willem Alexander, diel 1

Froukje Folkertsma giet mei op reis mei soarchboat Prins Willem Alexander.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)