Hea! fan 21 maart 2014 17:40

Mem Ida Koopmans fan Frjentsjer woe eins mar ien kreamfersoarchster oan har bêd en dat is Jellie Holtrop fan De Kraamvogel. Ida hie al ûnderfining mei Jellie en dat hie har poerbêst foldien. En sa is Jellie no kreamfersoarchster by Ida en lytse Berber. Berber waard op 11 febrewaris berne, se wie mar 1600 gram by de berte en is no krekt thús yn Frjentsjer. Ida is no de grutske mem fan seis dochters: Miranda, Mirella, Michelle, Mirthe en Anka en no dus lytse Berber. En by alle famkes wie Jellie Holtrop har kreamfersoarchster.

En de ferslachjouwer en kameraman fan Goeie krije in lekker lekkerbekje.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)