Hea! fan 21 maart 2012

    Postma en syn Sileenske hinnen
    Sjoerd Postma (62) hâldt fan alles wat groeit en bloeit. It hiem fan syn rychjeshûs yn Stiens neamt hy syn paradyske. Hinnen binne syn grutte leafde, en dan spesjaal it Sileenske ras: de arauka's. Allinnich fynt de Hea!-ferslachjouwer it wat dreech om dy namme te ûnthâlden...

    Sykje nei nije wurden
    Oene Akkerman is 95 jier en wennet yn it fersoargingshûs yn Drachten. Hy hie ea 30.000 boeken, mar dy koe hy troch de ferhuzing net meinimme. Doe't syn frou ferstoar, wie hy tige ûnwennich fan syn boeken fansels. Yntusken hat er wer in pear tûzen. Net om te lêzen, mar om nije wurden te sykjen...

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)