Hea! fan 21 juny 2016 20:20

Op in moai plakje tusken Wurdum en Goutum sit in autosloperij mei in keet der by. Dêr slacht Diemer van der Veen al sa’n 25 jier om. Hy is better bekend as de Muppet, omdat Diemer neffens syn maten wol wat op in Muppet liket. Hy hâldt wol fan in geintsje yn it libben.

Yn febrewaris fan dit jier waard der baggere yn de wyk Cammingaburen yn Ljouwert. Willem Schilstra sit op de kraan op in peton yn de feart. Mei help fan in kompjûter dy’t yn ferbining stiet mei in satellyt, wit hy hoe djip en hoe folle hy baggerje moat. Willem fynt it prachtich wurk, hy kin syn dei eins sels yndiele yn alle frijheid.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)