Hea! fan 21 jannewaris 2021 17:15

Je kinne Jan Brinksma fan De Jouwer eins wol kuierferslaafd neame. As er in skoft net kuiere hat, kriget er der suver in min sin fan. Meardere kearen yn de wike makket de Jouster flinke kuiertochten. De Vierdaagse fan Nijmegen en de Fryske kuieralvestêdetocht binne foar him dan ek fêste prik. Dat ferline jier net ien grut rinevenemint trochgie, is him min nei it sin. Brinksma hopet wat dat oanbelanget op bettere tiden.

It wiete waar hat de bougrûn yn Wyns frijwat drekkich makke. Dochs binne de timmerlju Seije Postma en Adriaan Kooistra dwaande út te setten wêr't peallen slein wurde kinne foar de bou fan trije huzen. Mar de mannen jouwe neat om smoarge klean. Se hoopje net wat fan histoaryske wearde tsjin te kommen yn de grûn, want soe de bou flink fertraagje kinne.

Kuierferslaafd

Jan Brinksma kin net sûnder kuierjen, oars krijt hy in min sin. 

Goeie Wyns

Yn Wyns wurdt wurke oan de bou fan trije nije huzen. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)