Hea! fan 21 jannewaris 2020 17:20

Fjouwer maten út Skettens ha it wylde plan om yn in heal jier tiid mar leafst fiif Alvestêdetochten te folbringen. Yn de keet betochten Sijmon, Reinder, Jelko en Sander dat se de tocht wol reedridend, kuierjend, steppend, fytsend en sylend dwaan kinne. En dat alles foar it goeie doel, it Foppe Fonds. De mannen ha noch net in hiel soad traind, mar binne wol fol fertrouwen. 28 jannewaris is de earste útdaging: de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk. 

Yn Warkum treffe we Sietse Oosterhaven dy't krekt werom komt fan in boadskipke. Dat docht hy alle dagen om sa foaral wat ûnder de minsken te bliuwen. Oosterhaven komt ek wol graach yn it kafee. Mei syn maten kin hy dan prate oer syn favorite ûnderwerp: de autocross. 

Fjouwer freonen, fiif Alvestêdetochten

Fjouwer maten út Skettens binne fan doel fiif Alvestêdetochten te folbringen. 

Goeie yn Warkum

Sietse Oosterhaven út Warkum docht alle dagen wol in boadskipke. Dan is hy der even út. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)