Hea! fan 21 febrewaris 2017 17:35

    By dûnsskoalle Tirsa's Artistic yn Snits wurdt der fanatyk pealdûnse. De sport hat faaks in wat pikant imago, mar pealdûnsjen, of ek wol Pole-fitness, ferget in soad kracht en linichheid. Tirsa Hagen en Josien Hoekstra kinne it sa goed, dat se as duo Nederlânsk kampioen wurden binne. Yn juny meie se nei it wrâldkampioenskip.
    Yn kafee Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl spilet alle tongersdeijûnen in gesellige biljertklup. Tsien mannen út alle lagen fan de befolking en ien frou. De sfear is gemoedlik, mar ferlieze, dêr kinne se soms min oer...

    Pealdûnsjen

    Tirsa Hagen fan Snits en Josien Hoekstra fan Boalsert binne Nederlânsk kampioen pealdûnsjen. De sport wurdft hieltyd populêrder yn Fryslân. By de dûnsskoalle fan Tirsa wurdt dan ek fanatyk oefene...

    Biljertklup Dûke Lûk

    Alle tongersdeitejûnen komt de biljertploech fan kafee Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl byelkoar om in pear potsjes te stompen. Tusken alle mannen hâldt ek ien frou har steande.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)