Hea! fan 21 desimber 2017 17:35

Jan Rozema fan De Westereen betocht seis jier lyn dat er wol wat minsken útnûgje koe foar in buorrel en wat iten yn syn hok by de houtkachel. Yntusken is it wol wat út de hân rûn: der komme no al mear as 120 minsken op it jierlikse feestje. Iten en drinken is fergees, en de ûnkosten wurde út de ferlotting helle. Mar... der meie allinnich mar mannen komme.
In oantal bewenners fan fersoargingshûs Saxenoord yn Frjentsjer foarmje meielkoar húskoar 'Het Schorre Keeltje'. En dit jier jouwe se sels in echt Krystkonsert. De sjongers fine it wol spannend, mar mei troch it entûsjasme fan 'diriginte' Botty de Haan komt it hielendal klear.

Mannefeestje

It mannefeestje fan Jan Rozema fan De Westereen. 

Het Schorre Keeltje

Koar 'Het Schorre Keeltje' fan fersoargingshûs Saxenoord yn Frjentsjer jout in Krystkonsert. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)