Hea! fan 21 desimber 2016 17:20

    Pier Terpstra fan Frjentsjer fytst alle dagen wol sa'n 5 oeren. En dat docht hy net op in gewoane fyts mar op in fyts dy't hy folslein oppimd hat mei allerhanne ljochten en oare fersierings. Derneist hat hy ek nochris in muzykbox op syn fyts boud. Op dit stuit hat hy syn fyts hielendal omtsjûnd ta krystfyts en klinkt der krystmuzyk út syn boxen. Pier fynt it te stil op strjitte en hopet sa alle minsken yn Frjentsjer en omkriten op te fleurjen.
    En op 'e Jouwert treft Hea! Henk Gietema dy't de boerekoal fan de tún hellet.

    Radiofyts

    Pier Terpstra mei syn krystfyts.

    Boerekoal

    Henk Gietema hellet de boerekoal fan syn tún.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)