Se meie wer los, de walking fuotballers fan Sneek Wit Zwart. By Walking Football mei net hurdrûn wurde, allinne mar kuiere. De fuotbalfariant is ek bedoeld om in wat âldere doelgroep yn beweging te krijen. Trainers John Dekker en Jappie Booy besykje de mannen nei hege prestaasjes te krijen. Mar foaral Booy moat nochal ris lûd raze om syn pupilen te berikken.
Se fynt it skande om dingen dy't noch goed binne samar fuort te smiten. En dêrom ferkeapet Tea Torensma fan Feinsum it yn in kreamke oan de dyk. Se hat der fan alles yn: sjaals, blomstikjes, byldsjes, mar ek hout dat noch bewurke wurde kin. Tea kin troch reuma har wurk yn de soarch net mear dwaan, mar kin ek muoilik stilsitte. Dêrom is de kream in moaie ôflieding.