Hea! fan 21 april 2016 18:20

    Brommerriden is wer hip. De brommerklub fan De Harkema krijt dan ek hieltyd mear leden. En dêrom is it neffens de leden tiid foar nije jaskes mei in echt logo. Mei syn allen sette se op de brommers ôf nei de borduerstudio yn Surhústerfean om de nije jaskes op te heljen.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)