Hea! fan 20 septimber 2018 17:35

De famylje Everts fan Kollumersweach is in echte merkefamylje. Heit Sjoerd sit al tritich jier yn it fak. Hy is begûn mei in sûkerspinkreamke, mar hat yntusken ek in sjittinte en gripers. Ek de bern Sjors en Samantha draaie mei yn it merke-libben, sy ha elk ek in attraksje. En sa is de hiele famylje geregeld meielkoar op 'n paad. En frou Sonja Loman fan Reahel hellet de gladioalen út de bakken. In moai putsje dat har even ôflieding jout fan har minne sûnens. 

Merkefamylje

De merkefamylje Everts fan Kollumersweach. 

Goeie Reahel

Yn Reahel is Sonja Loman wat oan it túnkjen om de sinnen te fersetten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)