Hea! fan 20 oktober 2014 18:20

It wie net allinnich in spannende jûn foar Durk Walinga. Ek in soad besikers stiene in pear oeren bûten yn 'e kjeld om dit spektakulêre barren live te folgjen. Tongersdeitenacht waard de spoartunnel by Feanwâlden op syn plak skood. Oeren wiene de mannen fan Walinga dêr mei dwaande en hiel wat griene sjippe gong der troch hinne. Mar it slagge. Fan 'e moarn rieden de earste treinen wer oer it trajekt Ljouwert-Grins.

En it wie wat in binde, mar de Ljouwerter bosk leit der wer kreas by.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)