Hea! fan 20 novimber 2017 17:35

It is allegear begûn mei in maatskiplike staazje doe't hy 14 wie en hy is net mear fuortgongen. Mark Kramer docht hjoed op syn 18e eksamen om mûnder te wurden. Dat is bysûnder op sa'n jonge leeftiid. Soe de dei einigje mei in bakje of mei in gebakje...
Johannes Visser is 75 jier, mar tinkt der net oer om mei pensjoen te gean. Hy is in echte beweechman en moat rinne, reedride en in soad dwaan. Dêr bliuw je fit by en it is hearlik bûtendoar. Johannes is de âldste postbesoarger fan Fryslân

Mark docht eksamen

Sil Mark hjoed slagje foar syn mûndereksamen?

De âldste postbesoarger fan Fryslân

Johannes Visser tinkt der net oer om mei pensjoen te gean

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)