Hea! fan 20 maart 2019 17:35

De Krystdagen kinne om Bert Woutersen yn Ferwert net lang genôch duorje. Yn novimber begjint er mei de tariedings fan syn krystkeamer en oant en mei maart genietet er fan de winterske sfearen. En wat foar gekke banaan stiet der sûnt dizze wike eins op de rotonde fan Grou te pronkjen? Hea! giet op ûndersyk yn it doarp.

Krysttafrielen yn maart

De Kryst fynt Bert Woutersen út Ferwert de moaiste tiid fan it jier. Om de hiele winter yn dy sfearen te bliuwen, stiet syn wenning fan novimber oant en mei maart yn it teken fan gesellichheid en winterske tafrielen.

Wat is dat foar banaan yn Grou?

Hea! seit hjoed goeie yn Grou en wol graach witte wat de minsken fan de nije banaan yn it doarp fine.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)