Hea! fan 20 maart 2017 17:35

Dat hûn Luna jongen krije soe, hiene Lindsay en Nadia Solarz earst net iens yn 'e gaten. In ûngelokje. Doe't de memmehûn de keizersneed net oerlibbe sieten se wol ynienen mei seis pups. En hoe bringe je dy dan grut? It kostet de froulju al harren tiid en nachtrêst.
Grienteboer Lodewijk Postuma rydt mei in soad nocht mei syn buske by syn klanten op It Bilt del. Hy fynt it moai wurk en nimt ek de tiid foar de sosjale kontakten. Mar opfolging is der net.

Pups

Nadia en Lindsay Solarz út Ljouwert bringe seis pups sels grut, no't memmehûn Luna deagien is.

Grienteboer Postuma

Lodewijk Postuma sutelet mei syn buske mei griente op de Biltdiken.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)