Hea! fan 20 maart 2015 18:20

By Anne Oevering fan Koarnjum komt de muzyk út syn hert en gefoel. Muzyk is emoasje en it pakt him hieltyd wer. Hy is ea begûn by de band The Mustangs en hy hat ek spile by Cuby and the Blizzards. Op dit stuit makket hy elke dei muzyk op syn synthesizer.

Elke jûn is it wer raak yn Eanjum. Dan helje de bern fan groep fiif fan de basisskoalle elkoar op om te skeelerjen op de Swarte Dyk. It is in prachtich gesicht...in moaie sliert mei bern en allegear ha se de ljochtsjes op...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)