Hea! fan 20 maart 2012

    Rein en syn bisteboel
    Rein van der Meer wennet yn Peins en hat in heale hektare lân om it hûs. Yn de greide rint in bûnt selskip fan bisten: einen, geiten, skiep, hinnen. Der is wolris ien dy't wat mankearret, mar Van der Meer soarget der goed foar. Hoewol't de mollen der net sa goed fanôf komme.
     
    Goeie!
    Trije jongens mei in gitaar op 'e rêch sille te oefenjen. Se wolle graach as band optrede, mar dêr moatte se noch in soad foar repetearje. Se krije fan de Hea!-ferslachjouwer it oanbod foar harren earste televyzje-optreden. Wolle se net ien ferske spylje?

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)