Hea! fan 20 maaie 2020 17:20

Yn Koatstertille treffe we Femke Reitsma op skeelers. Omdat de sportskoallen ticht binne makket se in skeelertochtsje om yn kondysje te bliuwen. Femke sit op it VWO en kin dus no noch net nei skoalle. Se mist har skoalfreondinnen bot, mar gelokkich hat se der ek in pear tichterby. En har freon sjocht se alle wykeinen. 

Tachtich jier en noch alle dagen om kertier foar achten moarns de doar út en om seis oere jûns pas wer thús. Gabe de Vries kin net stilsitte en is hiele dagen op syn lân te finen. Hy is dwaande om it snijde reid moai skjin te meitsjen en netsjes byelkoar te binen. In reportaazje út juny 2015. 

Goeie! yn Koatstertille

Femke Reitsma makket in skeelerrûntsje om yn kondysje te bliuwen. 

De reidbiner

Gabe de Vries is tachtich jier mar noch altyd warber yn it reid. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)