Hea! fan 20 juny 2016 18:20

Ate Bruinsma is de iceman fan Drachten. Hy is fanatyk sporter en it leafst by temperatueren ûnder nul. Meardere kearen yn de wike giet hy te draven yn de bosken fan Beetstersweach. Oanslutend dûkt hy yn it Alddjip, om dêrnei yn syn wiete klean wer nei de auto werom te draven.

De boerekoal koe yn novimber wer fan it lân en Klaas Visser fan Peazens-Moddergat is dan hielendal yn syn elemint. Klaas is túnker en in echte fjildman.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)