Hea! fan 20 jannewaris 2021 17:15

De pake en heit fan Klaas Tolsma gienen him al foar mei it draaioargel. Sûnt 1964 soarget de famylje foar fleur en faasje en dat is foaral yn dizze tiid belangryk. En Hea! seit Goeie yn Stiens. Gerlandt Heeg en Willemien Koopal hawwe de pas der stevch yn. Nei de desimbermoanne kinne der wol wer wat kilo's ôf, laitsje se. De froulju ha de fleur der foaral yn. 

It draaioargel fan Klaas Tolsma

Tolsma pakt diskear út yn Hallum. Sjoukje & Aede wurde troch harren famylje ferrast foar harren 60-jierrige troudei.

Goeie! yn Stiens

Gerlandt en Willemien prate ûnder it kuierjen by oer bern, wurk en fansels de lêste ferhalen út it doarp. Oer harsels dogge se ek in boekje iepen, want beide froulju hawwe corona hân.

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)