Hea! fan 20 febrewaris 2019 17:35

Ald-boer Willem Eppinga fan Sondel hat al it âlde guod fan syn âlden en syn pake en beppe bewarre. In âld keukentsje, de itensboarden fan beppe en sels de redens fan trije generaasjes. Al strunend troch de provinsje treft HEA! yn Warkum Sjors Eilling en Gerrit Kemker. Se ha in praatsje oer frijwilligerswurk.

It museum fan Willem Eppinga

It guod stiet útstald yn 'e skuorre en Eppinga jout mar wat graach in rûnlieding.

Goeie yn Warkum

Yn Warkum wurdt op it stuit in prachtich nij sportkompleks boud. Kemker tinkt dat der earst wol genôch frijwilligers binne om dêr te helpen, mar hoe hâld je dy frijwilligers fêst?

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)