Hea! fan 20 febrewaris 2018 17:35

Yn de bakkerij fan Van der Kloet yn Frjentsjer wurdt alle nachten hurd wurke om moarns wer farske bôle en broadsjes yn de winkels te krijen. Bakkers Johan Bijlsma en Lieuwe Wassenaar wurkje al jierren yn de nacht en ha dêr eins folslein gjin muoite mei. Want bôle bakke fine se prachtich wurk. En se witte hast net iens mear hoe't it is om oerdeis te wurkjen.

Betide bakkers

De bakkers fan Van der Kloet yn Frjentsjer binne alle nachten yn't spier. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)